Yellowstone-ekspedysje (1873)

Yellowstone-ekspedysje
(ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen)
datum: junyseptimber 1873
plak: de Dakota's en Montana
útkomst: in Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Lakota
Noardlike Sjajinnen
Feriene Steaten

befelhawwers
Sittende Bolle
Gal
Rein-yn-'t-Gesicht
Mâl Hynder
David S. Stanley
George A. Custer


sterkte
±1.000 krigers 1.530 militêren
   353 boargers
ferliezen
  4 deaden
12 ferwûnen
11 deaden
  4 ferwûnen

De Yellowstone-ekspedysje wie in militêre ekspedysje fan it Amerikaanske Leger yn 1873 yn 'e Dakota's en Montana, mei as doel om in gaadlike rûte te sykjen foar de oanlis fan it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad by de rivier de Yellowstone lâns. De ekspedysje, dy't yn it bredere ramt fan 'e Sû-Oarloggen pleatst wurde kin, stie ûnder befel fan kolonel David S. Stanley, dy't luitenant-kolonel George Armstrong Custer as ûnderbefelhawwer hie. Yn it begjin waard de ekspedysje teheistere troch min waar, mar ienris oankommen by de Yellowstone foarmen de Yndianen in grutter probleem. Der fûnen twa wapene konfrontaasjes plak, wêrby't de Amerikanen beide kearen de oerwinning behellen.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search